Heech Views

heech

Troch de lizzing oan de Hegemer Mar wie lange tiid de ielfiskerij en -hannel belangryk yn Heech. Oant 1938 waard fanút Heech iel nei Londen eksportearre. De Hegemers koenen dêrby fergees gebrûk meitsje fan de Dutch Mooring (Nederlânske oanlis) oan de Teems, net fier fan de Toer fan Londen. De hannel wie sa wichtich foar it doarp dat der in tiid west hat dat de Hegemer bern op de legere skoalle al Ingelsk learden. It belang blykt ek út it wapen fan Heech, dêr't noch altyd in iel yn stiet.

heech

Oer it wetter jouwe it Nauwe Fliet en de De Grêft fan de Hegemer Mar tagong ta it midden fan it doarp. Fan wêr't dy twa gearkomme giet de Hegemer Far nei it easten, en komt út op it plak dêr't de Wimerts (de Nauwe Wimerts en de Wide Wimerts) de Jeltesleat krúst. De Jeltesleat ferbinet bûten it doarp om de Hegemer Mar mei de Kûfurd. Fan it Nauwe Fliet giet de Tsjerkesleat ek nei Lytshuzen, en fia de Djippe Sleat nei de Rintsjepoel. De Weisleat jout ferbining mei de Idzegeaster Poel en mei Idzegea. Yn de buorren fan it doarp steane noch in tal 18e ieuske bouwurken, lykas it Kapteinshûs. De Syl is karakteristyk foar Heech en om de herfoarme tsjerke út 1745 binne smûke strjitsjes. Fierders binne der noch:

heech

In doarpshûs stiet midden yn it doarp. In it yn 1999 oanleine Hiempark mei besikerssintrum binne ferskate biotopen te sjen. Der is in broek-, park- en droechbosk. Boppedat binne der in fjildlaboratorium, fûgelhutte, fûgeleilân, swellemuorre en in flearmûzeboufal. Der wurdt alle jierren in soad op tou set, lykas it doarpsfeest Heech yn’t Findel , de reüny fan rûne- en platboaiemjachten en ferskate sylwedstriden op de Hegemer Mar. Heechspanning is it jierlikse Strjittefestival, Heechsimmerfestival is in muzykspektakel. Ynwenners wurde fan alles op de hichte hâlden middels it krantsje De Sylboade . Talma State is in tehûs foar de âlderein. It doarp hat in kristlike en in roomske basisskoalle.

heech

Tanavoli has long been inspired by the word heech - meaning 'nothing' - which he has used in numerous and ever more ambitious ways. It has been said that the word symbolizes his ambivalence towards the past and sense of dissatisfaction with an inadequate present. The letter forms are in a traditional Persian script called nasta'liq. The heech here is seen emerging from a cage.

Heech Images

Related Goods


Recently Added